Boot Holland populêr

10 des 2008 - 19:09

De beurs Boot Holland liket gjin lêst te hawwen fan de mindere ekonomyske tiden. It evenemint dat takom jier fan 8 oant 13 febrewaris yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden wurde sil, is al hast folboekt troch standhâlders.

Elektrysk farre stiet takom jier sintraal. Der sil in spesjaal paviljoen komme dêr't elektryske boaten, hybride krusers en akku's. Ferline jier binne der sa'n 350 standhâlders en goed 50.000 besikers op Boot Holland ôfkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)