Noch gjin kontakt oer Sollied

10 des 2008 - 16:17
  • Hearrenfean hat noch neat heard fan it Noarsk bûn

Sportklub Hearrenfean hat noch gjin kontakt hân mei it Noarsk fuotbalbûn oer it mooglik oernimmen fan trainer Trond Sollied. Neffens de Noarske media soe Sollied de wichtichste kandidaat wêze om bûnscoach te wurden fan syn heitelân. En Sollied sels soe dêr ek wol earen nei hawwe.

As dy fraach komt, is Hearrenfean bêst ree om dêroer nei te tinken. Mar dat is noch net oan de oarder, neffens direkteur Yme Kuiper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)