Rondom Hekwerk fallyt

© Omrop Fryslân
It bedriuw Rondom Hekwerk yn Easterwâlde is tiisdei fallyt ferklearre troch de Ljouwerter rjochtbank. It bedriuw hat in skuld fan 9 ton. Dêrtroch komme 11 minsken op strjitte te stean. It bedriuw pleatste stekken en ôffredings foar gemeenten, bedriuwen en partikulieren.
Grutste skuldeasker is de ABN Amro. De bank krijt noch 2,5 ton. De kurator besiket yn_de_mande_mei it UWV om de personielsleden noch foar krysttiid har salaris te jaan.