Deadlik ûngemak troch glêdens

10 des 2008 - 13:27

Op de N381 is tusken Hoogersmilde en Beilen is woansdei in automobilist út Gieten (40) om it libben kaam troch in frontale botsing mei in lytse frachtwein. Dat meldt de plysje. Yn de frachtwein sieten twa manlju út Drachten fan 28 en 23 jier.

De frachtwein bedarre troch glêdens op de linkerhelte fan de dyk. De automobilist, dy't út de rjochting fan Beilen kaam, koe de frachtwein net mear ûntwike en bedarre yn in sleat. De man ferstoar fuortdalik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)