Kollektyf winkelferbod frege

10 des 2008 - 12:23

Winkeliers yn it sintrum fan Ljouwert moatte meidwaan oan in kollektyf winkelferbod. Dat wol de wurkgroep Keurmerk Veilig Ondernemen, in gearwurking tusken winkeliers, de gemeente Ljouwert, de plysje en de brânwacht.

Winkeliers geane elk op har eigen wize om mei stellerij en agressyf gedrach. Mei in kollektyf winkelferbod wurde minsken dy't har misdrage wegere yn alle winkels dy't meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)