3 jier sel foar stellende frou

10 des 2008 - 12:07

In frou (44) sûnder fêst wen- en ferbliuwplak is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta trije jier finzenisstraf. De frou is neffens de rjochtbank skuldich oan fjouwer gefallen fan flessetrekkerij, alve oplichtings, seis fertsjusterings en in stellerij.

De saken spilen ûnder oare yn Snits, Frjentsjer, Holwert, De Lemmer, Akkrum en Ferwert. By de hichte fan de straf spilet mei dat de frou al trije kear feroardiele is foar sokke misdriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)