Mear by âlderen op besite

09 des 2008 - 16:49

Alle gemeenten yn Fryslân moatte ien kear yn ´e fjouwer jier by har 75-plussers op besite en mei har yn petear gean. Dat docht bliken út de útkomsten fan it projekt ´ouderen op de kaart´ fan Partoer Fryslân. Op besite is in effektive wize om fragen fan âlderein te beantwurdzjen en har te ynformearjen.

Foar it projekt binne in 5000 âlderen besocht. 44% fan de ûnderfrege 75-plussers jout oan him sa no en dan iensum te fielen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)