Feanspilers oan it turnjen

Tiisdei waard yn de grutte turnhal op It Hearrenfean sjen litten hoe't de gearwurking tusken Sportclub Hearrenfean en it Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean ferrint. Fuotbaltalinten dy't fan Tjalling van den Berg en syn CIOS-studinten leare hoe't se kopketûmelje moatte en mei noch folle mear gymnastyk- en turneleminten oan it oefenjen binne.
SC Hearenfean wol sa tenei besykje troch turntrainings jonge talinten bettere fuotballers te meitsjen.