18 moanne sel foar âld-dûmny

09 des 2008 - 15:20

Tsjin in âld-dûmny fan de frijmakke grifformearde tsjerke fan Blije is tiisdei 18 moanne sel easke. De man soe syn frou mishannele hawwe en in nichtsje misbrûkt. Dat soe bard wêze yn it begjin fan de jierren ´90.

De frou fan de dûmny beskuldiget har man boppedat fan fiif ferkrêftings, mar neffens it Iepenbier Ministearje is dat net te bewizen. De man jout de mishanneling ta en seit ek as 15-jierrige syn sân jier jongere styfsuske misbrûkt te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)