2 Friezen yn top-10 machtigen

09 des 2008 - 13:45

Lense Koopmans fan Sondel en André Olijslager fan Gytsjerk stean yn de top 10 fan de 50 machtichste kommissarissen fan Nederlân. Management Scope stalde de list gear. Koopmans stiet op it sânde plak. Hy is foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan de Rabobank en kommissaris fan NUON, Achmea en TNO.

André Olijslager stiet op nûmer 10 yn de top 50. De âld-topman fan Friesland Foods waard presidint-kommissaris by Heijmans en kommissaris by Hagemeyer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)