Sollied yn byld by Noarwegen

09 des 2008 - 12:30

Trainer Trond Sollied soe yn byld wêze om bûnscoach fan Noarwegen te wurden. Hy soe dan de opfolger wurde fan Aage Hareide, dy't moandei syn ûntslach naam. Sollied is al ris earder frege om bûnscoach fan syn heitelân te wurden. Hy keas doe lykwols foar in nij aventoer by in club.

Neffens de Noarske krante Dagsavisen besiket it Noarsk fuotbalbûn it no opnij mei Sollied. Noarwegen stiet yn de kwalifikaasjegroep foar it WK op it lêste plak, Nederlân is earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)