Unrêst by bedriuw Mohrmann

© Omrop Fryslân
By it Ljouwerter metaalbedriuw Mohrmann dat dizze simmer oernommen is troch Rollecate út Staphorst, is grutte ûnrêst. Mohrmann bestiet al 150 jier en makket aluminium kezinen, doarren en gevelkonstruksjes. De fakbûnen binne bang dat Rollecate it Ljouwerter bedriuw leech helje sil.
It oerlis mei de direksje ferrint dreech en minsken wurde fan de iene nei de oare lokaasje skood. Tiisdei hâlde de fakbûnen in byienkomst om te bepraten hoe't it fierder moat.