Mear keunst by Friesland Bank
De keunstkolleksje fan de Friesland Bank wreidet him hieltyd fierder út. Sa binne der yn it ôfrûne jier ek wer tal fan wurken oankocht: skilderijen en bylden fan jonge keunstners lykas Jan Roos en Epker, mar ek wurk fan âlde masters út de 17de en 18de ieu.
It nijste wurk is te sjen yn de útstalling 'Kunst onder de koepel' yn Ljouwert.