Jong Cambuur ferliest mei 3-1

© Omrop Fryslân
De beloften fan Cambuur hawwe moandeitejûn yn in tumultueuze útwedstriid tsjin Jong Veendam mei 3-1 ferlern. De Cambuurgoal waard makke troch Jurrick Juliana nei in moaie aksje fan Anco Jansen. Trainer Wim de Ron waard troch de skiedsrjochter nei de tribune stjoerd, neidat hy opmerkings makke hie.
By Veendam krige in spiler in reade kaart. Neist dizze reade kaart krigen beide ploegen elk fjouwer giele kaarten.