De Wielepôlle yn krystsfear

De Wielepôlle is al hielendal yn 'e krystsfear
Yn de Ljouwerter wyk De Wielepôlle is moandeitejûn it krystdoarp iepene troch boargemaster Crone. De ynwenners fan de wyk fersiere alle jierren harren wyk en ferkeapje lotten. Dêrmei helje se jild op foar it goeie doel. Dit jier is dat MS Anders.
Op 9 jannewaris wurdt bekend makke hoefolle jild der ophelle is foar MS Anders. Dat wolle de ynwenners fan De Wielepôlle no noch net sizze. It is wol mear as it bedrach fan ferline jier foar de stifting KiKa: 21.000 euro.