Lykspul jong Hearrenfean

08 des 2008 - 21:43

Jong Hearrenfean kaam moandeitejûn yn de thúswedstriid tsjin jong FC Utrecht net fierder as in 1-1 lykspul. Yn in strieminne wedstriid mei amper kânsen en gjin fjoer, kaam Utrecht nei in kertier op foarprong. It doelpunt paste krekt by de wedstriid. Keeper Brian Vandenbussche pakte de bal út in hoekskop op syn doelline, mar stapte dêrnei mei de bal oer de line: 0-1.

Daryl Janmaat soarge tsien minuten foar de ein foar de 1-1. De Feansters binne no tsiende mei 15 út 13.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)