Fûgelpits bestiet 30 jier

08 des 2008 - 14:45

Al 30 jier lang fersoargje Gaatske en Sape Wiersma sike en ferwûne fûgels. De helte fan wat binnenkomt binne oaljeslachtoffers. Yn 1978 is de Fûgelpits yn Eanjum begûn mei de opfang. Sûnt fjouwer jier sitte de Wiersma's yn harren nije ûnderkommen yn Moddergat.

Yn 30 jier tiid hawwe de Wiersma's mear as 40.000 fûgels opheind en opkalefatere. Oan ophâlden wurdt noch lang net tocht. As it oan de Wiersma's leit wurdt de 50 jier folmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)