Defibrillators yn T'diel

Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel wolle jild útlûke foar de oanskaf fan hertdefibrillators foar de doarpen. It giet mei-inoar om tweintich fan dy apparaten, ien foar eltse trijetûzen ynwenners.
Yn 2006 is der al in defibrillator kocht foar yn it gemeentehûs yn Burgum. Yntusken hingje se ek yn sporthallen en swimbaden. It kolleezje is fan miening dat ek op oare plakken dêr't in protte minsken komme sa'n defibrillator komme moat.