Tryater wol teaterrekord

Tryater wol besykje om it Guiness Book of Records te heljen
Tryater docht mei teaterfoarstelling de 11Stêdetocht in goai nei it Guiness Book of Records. It giet dan om it rekord foar de langst duorjende teaterfoarstelling. Dizze foarstelling duorret op syn minst tolve oeren en der dogge deis sa'n tûzen minsken mei oan de teatrale alvestêdetocht.
Mei-inoar wurdt de foarstelling tolve kear opfierd. It rekord moat setten wurde op de earste dei dat Tryater de 11Stêdetocht opfiert. Dat is op 20 desimber.