4 grutte wynmûnen by Wytmarsum

08 des 2008 - 12:18

Fjouwer grutte wynmûnen komme oan de A7 by Wytmarsum. De wynmûnen sille tolve lytsere mûnen ferfange. De fjouwer nije mûnen bringe tsien kear mear enerzjy op as de tolve lytse.

It nije park kin oan 8.000 hûshaldens stroom leverje, in gebiet sa grut as de gemeenten Boalsert en Wûnseradiel. De bou fan 'e fjouwer wynmûnen is in inisjatyf fan it bedriuw Wynpark A7 BV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)