Jacobi: meiwurkje oan paden

08 des 2008 - 12:00

Boeren en lâneigners moatte ferplichte wurde mei te wurkjen oan de oanlis fan kuierpaden oer harren lân. As se dat net wolle dan moatte se koarte wurde kinne op de subsydzje. It giet Jacobi benammen om it opnij iepenjen fan histoaryske kuierpaden. Neffens Jacobi giet it yn 'e praktyk faak om mar in pear lâneigners dy't dwerslizze.

Dat seit it Fryske Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA. Yn it debat oer de lânboubegrutting wol Jacobi minister Verburg fan lânbou oansprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)