Oanjefte tsjin Fritsma (PVV)

08 des 2008 - 09:57

De stifting Nederland Bekent Kleur docht oanjefte tsjin it Fryske keamerlid Sietse Fritsma fan de Partij voor de Vrijheid foar diskriminaasje.

Fritsma hie by in debat yn de Twadde Keamer sein dat jonge allochtoane kriminelen en har âlden it lân útset wurde moatte. Omdat hy net itselde wol foar autochtoane kriminelen falt dat neffens de stifting ûnder diskriminaasje. Ek yn de Twadde Keamer wie protest tsjin de útlittings fan Fritsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)