Boris Orlov by turntraining

De ferneamde turncoach Boris Orlov hat snein foar it earst syn opwachting makke by de training fan topturnsters fan Sportstêd Hearrenfean. De eardere Rus Orlov trainde yn it ferline by de klub De Hazekamp yn Nijmegen en foar it nasjonale turnbûn, mar sa flak foar syn pinsjoen binne de beliedsbepalers fan Sportstêd der yn slagge om Orlov nei it Fryske Haagje te heljen.
In stimulâns foar alle turntalinten, mar ek foar de bêste turnster fan Nederlân, Suzanne Harmes.