Hearrenfean wint mei 3-1

Christian Grindheim
Sportklub Hearrenfean hat sneintemiddei yn Tilburch mei 3-1 wûn fan Willem II. It wie Arnór Smárason dy't de skoare iepene. Frank Demouge makke foar Willem II de lykmakker.
Christian Grindheim soarge foar de 2-1 foarsprong foar de Feansters. Yn blessueretiid woe Willem II de lykmakker forsearje, mar it wie Väyrynen dy't de wichtige tredde goal foar Hearrenfean makke. Hearrenfean stiet no op in sânde plak mei 23 punten út 14 wedstriden.