Hajé Flyers winne fan HYS

© Omrop Fryslân
De Hajé Flyers binne de nasjonale iishockeykompetysje goed út ein set. Op it eigen iis waard mei 5-2 wûn fan HYS Den Haach. De perioadestannen: 2-1, 1-0 en 2-1.
By de Flyers sprongen der in pear spilers út. Keeper Martijn Maghielse, de ferfanger fan de blessearre Sjoerd Idzenga, die it geweldich. Jamie Visser waard 'man fan de wedstriid' troch syn trije doelpunten. Sneintejûn komme de Flyers wer yn aksje. Dan de útwedstriid tsjin de Tilburg Trappers.