Gjin stunt Aris yn Nijmegen

Matt Bauscher is topskoarer yn 'e earedivyzje
De basketballers fan Aris Friesland koene sneontejûn yn Nijmegen net foar in stunt soargje. De Matrixx Magixx formaasje wûn mei 102-90. Aris wûn it earste kwart mei 23-20, mar healwei stie it 50-42 foar Nijmegen. Nei it skoft skommele de foarsprong foar de thúsploech hieltyd om de tsien punten.
Matt Bauscher wie mei 28 punten wer ris de topskutter oan Ljouwerter kant. Aris stiet no achtste mei 10 punten út 15 wedstriden.