Ferlies Harkemase Boys en ONS

© Omrop Fryslân
De koprinner fan de sneonshaadklasse C Harkemase Boys ferlear yn en tsjin Staphorst mei 2-1. De Harekiten kamen yn de earste helte op in 1-0 efterstân. Dennis Loer makke de lykmakker. Yn de twadde helte waard it 2-1 foar Staphorst en dat wie ek de einstân.
ONS Snits ferlear op eigen fjild mei 3-0 fan Excelsior'31. De counterploech út Rijssen wie net folle better, mar makke goed gebrûk fan in tal flaters oan Snitser kant.