Snelheidskontrôle: 112 bonnen

06 des 2008 - 14:01

De plysje hat freed by in snelheidskontrôle op de Ljouwerterdyk by Marsum 112 autobestjoerders op 'e bon slingere. De grutste oertreder hie 119 op 'e teller stean, wylst op de dyk 80 riden wurde mei. Der waarden hast 550 auto's kontrolearre.

By in snelheidskontrôle yn Stiens giene acht fan de goed 350 kontrolearre autobestjoerders op 'e bon. Hjir ried de grutste oertreder 13 kilometer te hurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)