IIsbaan noch net sterk genôch

De iisbaan oan de foet fan de Aldehou
Op de keunstiisbaan op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert kin sneon noch net riden wurde. It iis is noch net op alle plakken sterk genôch. De baan soe sneon om fjouwer oere iepene wurde troch in tal wethâlders fan Ljouwert.
Dy iepening giet wol troch, mar de baan sels kin net earder as sneintemiddei om tolve oere brûkt wurde. Tagelyk mei de iisbaan wurdt ek it Ljouwerter Winterfeest iepene.