Edelherten fange of ôfsjitte?

06 des 2008 - 12:29
  • Takomst edelherten noch ûnwis

It ministearje fan Lanbou wol de edelherten op Skylge fange. De tsien herten binne troch in pear eilanners nei Skylge brocht. Se moatte fan it eilân ôf omdat sy feesyktes oerdrage kinne en libbensgefaarlike situaasjes yn it ferkear feroarsaakje.

Saakkundigen sizze dat de edelherten better ôfsketten wurde kinne. Dat is 'humaner', want se fange is in ûnmooglik kerwei. De bisten moatte dan earst ferdôve wurde en dat is dreech omdat sy it gefaar gau rûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)