Fabrykspiip St. Nyk sloopt
De sloop fan de fabrykspiip yn St. Nyk is klear. Fan de goed 20 meter hege toer is no net mear oer as sawat 8 meter. It ûnderste stik fan 'e piip bliuwt stean sadat dúdlik is dat der earder in suvelfabryk stien hat.
It wurk hat sawat in wike duorre. Dat is hurd omdat de piip stien foar stien ôfbrutsen wurde moast.