Fisk falt út frachtauto

05 des 2008 - 16:22

'Freed Fiskdei' is freedtemiddei letterlik yn praktyk brocht by de ôfslach fan 'e haven fan Harns. De doar fan in frachtwein skeat iepen doe't dy troch in skerpe bocht op in rotonde ried. It slot fan ien fan de doarren hie in mankemint.

It gefolch wie dat de skollen as pipernuten oer de dyk fleagen. Meiwurkers fan de plysje hawwe de fisk oprêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)