Pranjic leit der wiken út

05 des 2008 - 14:24
  • Pranjic wurdt fan it fjild droegen (foto: Martin de Jong)

Hearrenfeanspiler Danijel Pranjic is nei alle gedachten oant de winterstop útskeakele. Yn de wedstriid fan tongersdeitejûn tsjin Sporting Braga ferknoffele hy syn linkerankel en koe dêrnei net fierder.

Mika Väyrynen en Gerald Sibon kinne mooglik snein tsjin Willem II wol meidwaan. Väyrynen foel tongersdei út fanwege lêst oan 'e knibbel en Sibon gie fan it fjild mei in ankelblessuere. Beide blessueres lykje ta te fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)