WoonFriesland bout minder

Wenningboukorporaasje WoonFriesland yn Grou sil foar miljoenen minder oan nijbouwenten bouwe. Dat hat direkteur Frans Kooiker bekendmakke. De kommende jierren wurde de helte minder huzen boud. Dat is in delgong fan 400 nei 200 wenten yn it jier.
De fraach nei hierwenten nimt ta, mar de korporaasje hat net genôch jild om yn it tempo fan no troch te bouwen. De organsiaasje is ek fan doel op jierbasis in miljoen te besunigjen op de eigen organisaasje.