Man stutsen yn diskoteek

05 des 2008 - 10:58

In 23-jierrige man út Driehuis is tongersdei yn in diskoteek yn Ljouwert mishannele. Hy waard yn 'e húskes mei in stikken glês yn syn gesicht stutsen troch in 19-jierrige Ljouwerter.

Wat krekt de oanlieding west hat foar de stekpartij, is noch net dúdlik. In meiwurker fan de diskoteek hat de twa út elkoar helle. De fertochte moat noch heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)