CDU wol Dútse taal yn grûnwet

© Omrop Fryslân
Yn Dútslân wol regearingspartij CDU de Dútse taal opnimme yn de grûnwet mei de tekst 'De taal fan 'e Bûnsrepublyk is Dúts'. Yn it CDU-foarstel wurde de erkende minderheidstalen Frysk, Deensk en Sorbysk net neamd.
De Sorben yn it eardere East-Dútslân binne min te sprekken oer it foarstel fan de CDU, omdat dit net rjocht docht oan de oare talen fan Dútslân. Yn Nederlân tekene Fryslân koartlyn protest oan tsjin it foarstel om it Nederlânsk op te nimmen yn 'e grûnwet.