Deinum nije wethâlder Ljouwert

Henk Deinum folget Marga Waanders op as PvdA-wethâlder yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. Dat hat it ôfdielingsbestjoer fan de PvdA Ljouwert tongersdei bekendmakke.
Deinum begjint yn jannewaris, Waanders wurdt dan boargemaster fan Dongeradiel. Henk Deinum hat earder direkteur west fan Korporaasjeholding Fryslân, foarrinner fan Woon Friesland.