Deade by ûngelok op sneldyk

Foto: JRF/Jaring Rispens
In 19-jierrige man út Harns is tongersdeitejûn om it libben kaam by in ûngelok op de fjouwerbaansdyk tusken Marsum en Dronryp. Fjouwer oaren rekken ferwûne. In jonge út Harns (16) is der slim oan ta. Hy leit yn koma yn it UMCG yn Grins.
It deadlik slachtoffer siet mei trije oaren yn in auto dy't nei alle gedachten mei hege snelheid op in foarlizzer riden is. De auto fleach dêrnei in pear kear oer de kop en kaam op 'e parraleldyk ta stilstân.