Hebo skrast sierbestrating

© Omrop Fryslân
Hannelsûndernimming Hebo yn Skarsterbrêge ferkeapet syn sierbestratingsôfdieling oan de Spaansen Groep yn Noard-Hollân. Hebo wol him yn de takomst rjochtsje op syn haadaktiviteit: it oanlizzen fan terreinferhurdings foar bedriuwen.
It personiel dat ynset wurdt foar sierbestratings giet oer nei de Spaansen Groep, dy hiert ek in diel fan it gebou fan Hebo. Dêr begjint de Spaansen Groep syn earste noardlike fêstiging.