Skûtsjes nei USA te djoer

© Omrop Fryslân
De kâns dat in flink tal skûtsjes út Fryslân takom jier meidocht oan it 'Henry Hudson 400' projekt yn New York is noch mar lyts. De SKS stapt nammentlik út it projekt. Takom jier wurdt yn New York betocht dat Henry Hudson 400 jier lyn mei in VOC skip de Hudson opkaam wêrnei't Nieuw Amsterdam ûntstie, it lettere New York.
De SKS wie om seis skûtsjes frege, mar it kostet fiersten tefolle jild om se nei Amearika te bringen.De IFKS sit mei itselde probleem.