Seldsum sulveren earizer fûn

04 des 2008 - 16:46

By it Skipfeartmuseum yn Snits waard dizze wike in seldsum smel sulveren earizer binnenbrocht. In man út Snits fûn it pronkstikje by Skearnegoutum mei de metaaldetektor dy't er krekt kocht hie. It izer is oant no ta it tredde yn syn soart dat yn Fryslân fûn is.

Nije wike sneon wurde alle nije fynsten oan it publyk toand op de iepen dei by it Frysk Skipfeartmuseum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)