Iepening N31 Eurlings útsteld

04 des 2008 - 14:42

De iepening fan de N31 Surch-Harns moandei troch minister Eurlings fan ferkear, giet net troch. Reden is it ferstjerren woansdei fan deputearre Anita Andriesen. Ek de iepening fan de fiif akwadukten fan it Fryske Marreprojekt giet dêrom net troch.

It is op dit stuit noch net bekend oft de minister op in letter momint komt foar de iepening en sa ja, wannear't dat dan wêze sil. Moandeitemiddei is der in iepenbiere betinkingsbyienkomst foar Anita Andriesen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)