4 dagen fertraging yn Tailân

04 des 2008 - 14:19
  • Grytsje Dijkstra en Wybren Bouwma wer feilich thús

Fjouwer dagen moast de famylje Bouwma-Dijkstra út Wurdum langer bliuwe yn Tailân, om't demonstranten de fleanfjilden beset hâlden. Se wiene op sakereis nei Tailân en makken inkele benaude oeren mei op it fleanfjild yn Bangkok.

Acht dagen lang besetten Taiske demonstranten de lofthavens omdat se de premier fan it lân korrupt fine. Yntusken is de regearing opstapt en ha de demonstranten de fleanfjilden wer ferlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)