Gemeenten driigje mei rjochter

04 des 2008 - 13:37

Acht gemeenten yn it súdwesten fan Fryslân stappe nei de rjochter, as de thússoarch net gau wer nije klanten oannimt foar de húshâldlike help. De gemeenten fine it net akseptabel dat klanten no ôfwiisd wurde.

De thússoarch seit dat gemeenten te min betelje foar de soarch, mar de gemeenten wol de thússoarch oan it kontrakt hâlde. Freed is in oantekene brief de doar útgien rjochting de thússoarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)