Poeierbrief by CJIB brocht

© Omrop Fryslân
Tongersdei is op 'e nij in poeierbrief besoarge by it Sintraal Justisjeel Ynkassoburo, it CJIB yn Ljouwert. De sân oanbelangjende meiwurkers fan it "boetekantoar" moasten út foarsoarch yn karantêne.
It is net foar it earst dat sa'n poeierbrief by it CJIB binnenkomt, yn maaie barde soks ek al. Doe gie it om talkpoeier dat yn de brief siet. It CJIB hat in spesjaal protokol foar ditsoarte situaasjes.