AZC Dokkum langer iepen

AZC 4 moanne langer iepen
It asylsikerssintrum yn Dokkum bliuwt fjouwer moanne langer iepen as de bedoeling wie. Dat ha boargemaster en wethâlders besletten.
It AZC hie yn maart slute sillen, mar dan kinne bern dy't yn Dokkum op skoalle sitte, har skoaljier net ôfmeitsje. De gemeente fynt dat net ferantwurde en hat dêrom no mei it Centraal orgaan Opvang Asielzoekers ôfpraat dat it AZC net earder as yn augustus definityf tichtgiet.