Drank op en gjin rydbewiis

04 des 2008 - 10:05

Yn De Rottefalle is woansdei in 78-jierrige man út de gemeente Smellingerlân oanhâlden omdat er mei drank op achter it stjoer siet. De man ried mei syn brommobyl al slingerjend oer de Betonwei. In tsjûge warskôge de plysje en dy hat de man koart dêrnei op de Arendswyk oanhâlden.

Ut ûndersyk die bliken dat er tefolle dronken hie. De man hie gjin rydbewiis. Dat wie him earder alris ôfpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)