Trije ferwûnen by eksploazje

It hûs fan de eksploazje
By in eksploazje tongersdeitemoarn yn in hûs yn Ljouwert binne nei alle gedachten trije minsken ferwûne rekke. De plysje hat ien fan har oanhâlden op fertinking fan brânstifting. It ûndersyk nei de tadracht is op dit stuit noch oan de gong.
De eksploazje wie tongersdeitemoarn om kertier oer sânen. Der ûntstie dêrnei brân yn it hûs. De trije minsken dy't ferwûne rekke binne, binne opnaam yn it sikehûs.