Unbekend wurk Huisman fûn

Pennetekening fan Jopie fûn út 1977
By in taksaasje is in oant no ta ûnbekend wurk fan keunstner Jopie Huisman opdûkt. It giet om in pennetekening yn kleur út 1977. De tekening stelt de achtertún fan Huisman syn mem foar. De tekening soe oankocht wêze op de iennichste ferkeapeksposysje dy't Huisman ea hâlden hat.
It wurk wurdt moandei feild. De wearde wurdt rûsd op tusken de fiif- en de seistûzen euro.