'Frjentsjer en Harns fusearje'

CDA-Frjentsjer wol mei Harns
De gemeente Frjentsjerteradiel moat fusearje mei Harns. Dat wol de CDA-fraksje yn Frjentsjer. De nije gemeente moat foarme wurde om de A31, it Van Harinxmakanaal en de spoarline hinne. De partij fynt dat de stêden Frjentsjer en Harns de twa krêftige ekonomyske motoaren fan de nije gemeente wurde moatte.
De grutste opjefte wurdt neffens it CDA de krimpende befolkingsgroei tsjin te gean. De grinzen binne noch net bepaald foar de nije fúzjegemeente.